Pelotefroulju kampioen yn de A- Klasse
Op it keatsfjild fan Mantgum stie de twadde wedstriid op it programma. De froulju fan Mantgum moasten it opnimme tsjin de froulju fan Wiuwert/Britswert. Bregt koe der dizze jûn net by wêze, mar Anke Koldijk wie der dizze kear wol wer by en sa wiene de froulju wer kompleet. Yn in wedstriid mei bysûndere en moaie aksjes wûnen de froulju ek dizze wedstriid ienfaldich mei 9-4 6-4. De tredde kompetysje rûne stie op it programma yn Spannum tsjin de froulju fan Spannum. Ek de froulju út Spannum hiene alle wedstriden noch wûn en sa koe it wol ris in spannende wedstriid wurde. Spannum koe it tempo fan de Mantgumer froulju allinne net byhâlde en sa waard der mei 9-3 6-0 wûn troch de froulju fan Mantgum Yn de fjirde rûne misten de froulju twa spilers. Bregt wie mei it kuorbaljen blessuere rekke en koe it pelote seizoen spitich net mear ôfmeitsje. Lyssa moast foar it kuorbaljen op paad en sa hiene de froulju eins in spiler te min. Gelokkich woe Joke Koldijk har want wer út de kast helje om de froulju te helpen yn de partij tsjin Wommels. Ek dizze partij wie net al te dreech, Wommels waard mei 9-3 6-2 ferslein en sa diene de froulju in belangryk stap rjochting it kampioenskip. As lêste tsjinstanner fan de poule giene de froulju op besite by Jellum/Bears. Nei ienich fertraging koe de wedstriid beginne. Mantgum hie gjin partij oan dizze froulju en wûnen binnen it oere mei 9-1 6-2. Troch dizze oerwinning koene de froulju harren foar de tredde kear op rij Kampioen fan de A-Klasse neame!!
Geplaatst op 27 June 2016